De Lêste Stoerbrêge oerkruset De Swette tusken de Looxmagrêft en de 2e Easterkaai. It ûntwerp fan de hjoeddeiske brêge, anno 1887, is fan J.Ph. Hogendijk. De brêge is yn 1996 folslein renovearre en makket diel út fan in rige fan 10 jitizeren brêgen dy't medio 1880 yn Snits boud binne. De brêge wurdt mar 150 kear yn it jier iepene foar skifeartferkear. Foarhinne stie op dat plak in draaibrêge.