Lânboukrisis fan 1880

De lânboukrisis fan 1880 wie in ekonomyske depresje dy't late ta swierrichheden yn de agraryske sektor, dêr't ek Fryslân tige fan te lijen hân hat.

Ynlieding

De resinte skiednis hat feitlik trije lânbouwkrisissen (tenei L. neamd) kend. De earste L. wie fan 1818 oant 1825, mar dy hie foar Fryslân noch net folle te betsjutten, om't men doe noch net sa bot op de wrâldmerk oriïntearre wie en ek spesjalisaasje wie noch gjin sprake fan. De twadde L. fan 1878 oant 1895 hat djippe wûnen slein en grutte feroaringen feroarsake yn sosjaal-ekonomyske ferhâldingen. De tredde L. dy’t fan 1929 oant 1940 duorre, hie teffens slimme gefolgen en wie anneks mei de beurskrach fan 1929.

Oarsaken en gefolgen yn 't generaal

De lânboukrisis fan 1880 ûntstie as gefolch fan de ymport fan nôt en oare lânbouprodukten út de FS en Kanada wêrtroch de prizen fan lânbouprodukten slim sakken. Boeren dy't oerlibje woenen, moasten effisjinter produsearje. Om mei minder arbeiders ta te kinnen en sa op leankosten te besparjen, skaften grutte boeren lânboumasines oan, sa as sie-, mean- en terskmasines. Dizze meganisearring hie fan gefolgen dat de wurkgelegenheid tebekrûn.

Minsken sochten mear as earder wurk yn de stêd, dêr't tsjinstesektor him útwreide. Der wienen hieltyd mear minsken nedich foar iepenbiere tsjinsten sa as plysje, posterijen en iepenbier ferfier, de sûnenssoarch en it ûnderwiis, mar ek foar kommersjele tsjinsten sa as winkels, fersekeringsmaatskippijen en banken. Troch al dy faktoaren waarden yndustry en tsjinstesektor hieltyd wichtiger foar de wurkgelegenheid.

Dizze ûntjouwingen fregen oar ûnderwiis, allinne legere skoalle foldie faak net mear. De doe al besteande Hegere Boargerskoalle (HBS) koe him sa mear ûntjaan. It gymnasium wie fral in tarieding op de universiteit en wie net rjochte op de praktyk.

Yn Fryslân

Yn 1878 wie de Fryske agraryske sektor wilens yn kontakt rekke mei de wrâldmerk en hie him frijwat iensidich talein op bûterhannel mei it Feriene Keninkryk; it soe bliken dwaan dat dy iensidigens funest wie. Foaral de boeren op de klaai, dy't in protte ynvestearre hienen en foar elkoar boarch stienen, waarden swier rekke; it iene fallisemint brocht sa it oare mei. De wurkleazens koe yn Fryslân noch wol wat opfongen wurde troch de ferfeaningen.

Der ûntstie ferearming yn ferskate lagen fan de befolking. Arbeiders fûnen in útlitklep yn it opkommend sosjalisme. De oerheid hie noch gjin ynstruminten om de boeren te stypjen, dat kaam earst nei de tredde krisis, mar de krisis fan 1880 hat dat yn begjinsel wol mooglik makke. Yn dy tiid waard nammentlik in begjin makke mei in protte foarsjennings fanwege it regear, sa as lânboukredyt, -ûnderwiis, -foarljochting, -keurings en in departemintale stêf. Teffens feroare de polityk fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou fan teory nei de die: de boeren waard leard om ferâldere bedriuwstradysjes los te litten en it kontakt mei de oerheid smiet mear op. De L. fan 1880 sette ek noch in spesjaal stimpel op de Fryske ferhâldingen mei't boeren, faak twongen út need, it sochten by de lânboukoöperaasje.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedia nl: Landbouwcrisis van 1880
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Landbouwcrisis.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!