Kuriostsjerke (Ljouwert)

Kuriostsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Ljouwert
adres Julianaleane 38
koördinaten 53° 11' N 5° 47' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt J.J.M. Vegter
boujier 1964
Webside
Prot. gemeente Huzum-West
Kaart
Kuriostsjerke (Ljouwert)
Kuriostsjerke

De Kuriostsjerke (Kurioskerk) is de tsjerke fan de protestanske wykgemeente Huzum-West yn Ljouwert.

Skiednis

De Kuriostsjerke waard yn de jierren 1960 boud as herfoarme tsjerke neffens in ûntwerp fan J.J.M. Vegter. Oare tsjerkegenoatskippen, lykas de katolike Paulusparochy en de pinkstergemeente Elim, brûkten de tsjerke tydlik foar harren tsjinsten.

Nei de oerdracht fan de grifformearde Parktsjerke oan de baptisten foarme de herfoarme gemeente fan de Kuriostsjerke oant de oprjochting fan de Protestanske Tsjerke yn Nederlân in Samen op Weggemeente mei de grifformearden.[1].

Yn 2021-2022 is it hiele ynterieur fan de tsjerke renovearre en modernisearre.[2]

Oargel

It oargel fan de Kuriostsjerke datearret fan 1973 en is boud troch de Ljouwerter oargelfirma Bakker & Timmenga.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!