Krústsjerke (Coevorden)

Krústsjerke

Kruiskerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Coevorden
adres Kerkstraat
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1641-1645
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 11490 (tsjerke) [1]
11491 (toer) [2]
offisjele webside
Side PKN-Coevorden

De Krústsjerke of de Grutte Tsjerke oan de Kerkstraat yn Coevorden, Drinte, is de stedstsjerke fan de herfoarme PKN-gemeente Coevorden.

Skiednis

De hjoeddeiske tsjerke waard yn de jierren 1641-1645 boud op it plak fan in foargonger, dy't yn 1598 ferneatige waard. Foar de nijbou hie de drost fan Coevorden en Drinte tastimming jûn om in ynsammeling te hâlden. Yn 1641 waard útein set mei it lizzen fan de fûneminten fan de tsjerke. Foar it fûnemint en it ûnderste diel fan de muorren waarden mei Bentheimer sânstien brûkt. By de bou waarden fierder ek dielen fan de roomske foargonger brûkt.

Doe't de muorren likernôch twa meter heech wiene koe de bou fanwegen jildbrek net fierder. Mei help fan bydragen fan de Oeriselske stêden, in troch it gemeentebestjoer ynfierde tsjerkebelesting, in liening en in tal jeften koe de tsjerke yn 1645 foltôge wurde.

Yn 1890 waard it tuorke troch bliksemynslach troffen. By it dwêsten fan de brân ûnstie der skea oan de tsjerke en it 17e-iuwske oargel.

Proper-oargel

Ynterieur

De ynrjochting fan de tsjerke datearret foar in grut part út de boutiid, lykas de preekstoel, de banken, de kommandantsbank, it doopfont en in houten offerblok. Yn de toer hingje twa klokken, getten troch Willem Wegewaert yn 1588. It mechanyske toeroerwurk is út 1895.

Oargel

It oargel fan de Krústsjerke waard yn 1897-1898 boud troch Jan Proper út Kampen. Fan de 17e-iuwske foargonger fan Theodorus Faber bleau allinne de oargelkreake bewarre. It Faber-oargel waard ferkocht oan de Remonstrantske tsjerke fan Hoogeveen, mar it foldie dêr net en waard dêr al gaueftich ferfongen en trochferkocht. Yn 1970 krige de firma Van den Berg en Wendt út Swol/Nimwegen de opdracht om it Proper-oargel hielendal te fernijen, mei behâld fan in tal registers en de oargelkas fan 1897. De oargelbouwers bouden in oargel fan 27 registers, ferdield oer haad- en boppewurk en pedaal. De yn de jierren 1950 wyt farve oargelkas waard yn it ramt fan de bou fan it nije ynstrumint yn de oarspronklike kleur werombrocht. Ek de oargelbalustrade ûndergyng in restauraasje.[3]

Bysûnderheden

  • Willem Hendrik Zwart wurke fan 1945 oant 1954 as organist yn de tsjerke.
  • Johan Picardt hat yn de tsjerke preke en is ek yn Coevorden ferstoarn.
  • Yn de tiid fan de besetting troch Bearn Poep waard de tsjerke as finzenis brûkt. Tegearre mei Carl von Rabenhaupt makke koster Mijndert van der Thijnen plannen om Coevorden te befrijen. Dy persoanen wurde yn de tsjerke mei in monumint betocht.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!