De Kop fan Oerisel is in regio yn it noardwesten fan de provinsje Oerisel. It gebiet komt tsjintwurdich hast oerien mei de gemeente Stienwikerlân en it histoaryske Lân fan Follenhove. Histoarysk besjoen wurdt ek Swartslûs yn de gemeente Swartewetterlân ta it gebiet rekkene.
De namme is in ferwizing nei de lizzing binnen Oerisel — yn it noarden, wylst it gebiet hast hielendal troch oare provinsjes (Fryslân, Drinte en Flevolân) omsluten is.