Koopmans Koninklijke Meelfabrieken B.V. is in grutte moalferwurkjende yndustry, oprjochte yn Holwert (1846) en yn 1876 nei Ljouwert gien.
De grûnstoffen waarden meast ymportearre en yn it binnenlân ferkocht. De NV beslacht ek moal- libbensmiddels- en feefoerfabriken. Yn 1975 hie it bedriuw 420 man personiel en in omset fan 160 miljoen gûne. Direkteuren wienen doe Van der Meij, Benes en Wijbrandi, mei J. Koopmans as ûnderdirekteur. Der wienen ferskate ôfdielings:
ko- barge- en hinnemoal, keunstmolke foar keallen en biggen.
Der waard eksportearre nei de Bûnsrepublyk Dútslân, Grikelân, Grut-Brittanje Skandinaavje, Yslân. Koopmans partisipearre yn de Grûnstoffen Maatskippij foar de Keallemolke Yndustry yn Amsterdam (20%}.