Konsintryske Skilen is de namme fan in keunstwurk op 'e Escherrotonde, oan 'e noardkant fan Baarn. Dat is in offisjeel nammeleaze rotonde dy't in ôfslach yn 'e rjochting fan Soestdyk hat, oer de Amsterdamske Strjitwei. It keunstwurk stiet yn 'e midden fan 'e rotonde. It is in grutte bolfoarm fan roastfrij stiel dy't ôflaat is fan de houtgravuere 'Konsintryske Skilen' fan M.C. Escher, in keunstner dy't yn 1941 yn Baarn kaam te wenjen. De rotonde hjit sadwaande yn 'e folksmûle de 'Escherrotonde'.
Yndustrieel ûntwerper Frank de Blok makke it keunstwurk yn 1998 op basis fan it twadiminsjonale orizjineel fan Escher. Dêrfoar wurke er yntinsyf gear mei in pleatslike oannimmer, De Leeuw Staalconstructies. Mei-inoar makken se fan 'e trijediminsjonale foarm in mear ferfine keunstwurk as dat de twadiminsjonale foarm fan Escher wie. De eigentlike bouwer fan it keunstwurk wie De Leeuw Constructies. De as mei de sokkel is 8 m heech, en de bolfoarm hat in diameter fan 6 m.