In kniezing of kontúzje is in skansearring fan ûnderhûdskweefsel troch útwindich geweld mei in stomp oerflak. Soks wurdt bygelyks in protte feroarsake te fallen of jin te stompen. It hûdoerflak bliuwt hjirby ornaris yntakt.
By in lichte kniezing duorret it yn trochsneed trije wiken ear't de ferwûning folslein genêzen is. By in swiere kniezing kin dat oprinne oant wol seis wiken.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Zaagman-Van Buuren, M.J., en Jong, J.T.E. de, Algemene Ziekteleer (2e, op 'e nij besjoene druk), Houten/Diegen, 1997 (Bohn Stafleu van Loghum).