De earste histoarje fan in greefskip mei de namme Cloppenburg is út 814. It tsjerkedoarp woeks yn de midsiuwen ta in plak mei in doarpsplein, in bûtenpleats en in mûne. Greve Cloppenburg (1180-1251) hie nauwe bannen mei ferskate greefskippen yn Nederlân, lykas dy fan Arnhim en Sutfen fia de greve fan Sutfen, Otto II fan Gelre. De pleatsen leinen ferspraat om de doarpskearn hinne en de ynwenners bestienen fral fan de lânbou. Sûnt 1825 soargen de stienfabriken yn de uterwaarden ek foar wurkgelegenheid. De stêd hat hjoed-de-dei ek wat yndustry, bygelyks: Lumberg, (makket ferbiningssystemen) en Derby Cycle (fytsefabryk).
Toerisme
Ien fan de grutste toeristelûkers is it Museumdoarp Kloppenburch, in neimakke midsiuwsk doarp mei rekonstruksjes fan gebouwen út it tiidrek 800 oant 1800. Der binne ek twa gebouwen út it Sealterlân.