Killers is it twadde studio-album fan Iron Maiden. It album waard opnommen tusken novimber 1980 en jannewaris 1981 yn de Battery studios yn Londen en waard in moanne letter op 2 febrewaris 1981 útbrocht. It is it lêste album mei Paul Di'Anno as sjonger dy't ein 1981 ûntslein waar, fanwegen Di'Anno's oermjittige drugs- en drankgebrûk en oare omstannichheden. En it is it earste album mei gitarist Adrian Smith earder fan Urchin.
It nûmer Twilight Zone soe op it album ferskine, dochs waard op it lêste momint skrast, mar waard mei Wrathchild as single mei dûbele A-kant útbrocht. In soad socht sammelobjekt foar leafhawwers is it Amerikaansk promoasje-album op finyl út 1981 fan Killers dêr't it nûmer Twilight Zone dochs op stiet. Op lettere ferzjes fan it album waard Twilight Zone as ekstra nûmer taheakke.
Spyllist
nû.
|
titel
|
skriuwers
|
doer
|
1.
|
The Ides of March (ynstrumintaal)
|
Steve Harris
|
1:48
|
2.
|
Wrathchild
|
Harris
|
2:54
|
3.
|
Murders in the Rue Morgue
|
Harris
|
4:14
|
4.
|
Another Life
|
Harris
|
3:22
|
5.
|
Genghis Khan (ynstrumintaal)
|
Harris
|
3:02
|
6.
|
Innocent Exile
|
Harris
|
3:50
|
7.
|
Killers
|
Paul Di'Anno en Harris
|
4:58
|
8.
|
Prodigal Son
|
Harris
|
6:05
|
9.
|
Purgatory
|
Harris
|
3:18
|
10.
|
Drifter
|
Harris
|
4:47
|
Singles
Muzikanten