Mei de bou fan it Helsinki Swimming Stadium waard yn de jierren tritich fan de foarige iuw begûn en waard boud foar de Olympyske Simmerspullen fan 1940, mar dy waarden ôfsein yn ferbân mei de Twadde Wrâldkriich, De bou kaam troch de kriich stil te lizzen en pas yn 1947 waard it swimbad ôfmakke, der wie plak foar 12.500 taskôgers. It Helsinki Swimming Stadium leit oan de noardeastkânt fan it Helsingin olympiastadion, en wurdt hjoed de dei brûkt as rekreaasjeswimbad.