Keramyk is in materiaal dat gjin metaal en ek gjin polymear is. De keramyk is in materiaal dat foarme wurdt troch ferhjitting (yn bygelyks in ûne en soms ek druk, wêrby't minimaal twa gemyske eleminten oanwêzich binne. Ien dêrfan is non-metallysk en de oare mei sawol metallysk as net-metallysk wêze.
It wurdt komt fan it Gryske keramos, dat 'drinkfet' of 'ierdewurkfet' betsjut. It wurdt benammen brûkt om foarwerpen oan te tsjutten dy 't makke binne fan bakte klaai. Tradisjoneel binne keramiken dan ek op klaai (ofwol silikaten) basearre. Hjir binne in protte soarten fan en se wurde makke fan ferskate klaaisoarten, ferskate taslachstoffen en alderlei prosedees (bygelyks in oare oventemperatuer). Technyske keramiken brûke ek oare eleminten en wurde foar ferskate meganyske tapassings brûkt.
Soarten
Tradisjoneel
Ierdewurk wurdt bakt fan klaai, tusken 800 en 1250°C, wêrby't gjin sintering of ferglêzing optreedt.
Terrakotta is net-glazuere ierdewurk mar fan readbakkende klaai.
Stienguod of gres wurdt makke fan in kostbere klaaisoarte - gresklaai- dy't ôfbakt wurdt by hegere temperatueren (1200-1300°C); hjirby fersinteret de klaai, neidat keukensâlt of polke oan it bakproses tafoege is; it produkt is geskikt om floeistoffen yn te bewarjen.
Porselein, bakt fan in spesjale wite klaaisoarte, mingd mei kwarts en fjildspaat, bakt by 1200-1400°C, wêrby 't it gehiel ferglêzet. De basisgrûnstof is kaolien of pe-tuntse kommend út Sina.
Kaolien wurdt yn Europa fûn yn de streek fan Limoges en yn Spanje.