De Kentucky River is in sydrivier fan de Ohio, mei in lingte fan 417 kilometer,[1] yn de steatKentucky. Op de rivier en syn sydrivieren wettert it sintrale part fan de steat ôf. De bopperin giet troch de stienkoal-myn regio's fan it Cumberlandberchtme en de ûnderrin rint troch de Bluegrass regio yn it noardlike sintrale diel fan de steat. It streamgebiet fan de Kentucky beslacht sa'n 7000 kante myl en helpt sa'n iensechde fan steatsbefolking oan drinkwetter.
De rivier is net befarber boppe Slûs 4 (Lock 4) by Frankfort. De rivier hat yn totaal 14 damen dy't yn it wurk holden wurde troch en ûnder tafersjoch steane fan de 'Kentucky River Authority', in steatsynstelling. De sluzen tsjinje tsjintwurdich fral foar it yn stân hâlden fan in drinkwetterfoarried foar de stêden Lexington. Hoewol't de Lexingtonregio goed 100 mm delslach it jier hat, makket de geologyske struktuer fan it gebiet (kalkstien, karst) dat dêr relatyf in bytsje oerflaktewetter foarkomt.