Powys wie in midsiuwsk keninkryk yn Wales. It soe yn 't earstoan regearre wêze troch de Gwerthernion-dynasty, dy't har komôf weromfierde oant Vortigern en Prinsesse Sevira, de dochter fan Mascen Wledic. Yn 616 krige Powys skeel mei Aethelfrith fan Northumbria, faaks omdat it keninkryk him net trochlitte woe foar in strafekspedysje tsjin Gwynedd. By Chester yn Ingelân ûntstie fjochterij dat troch de Angelsaksen wûn waard.
Der wienen iderkear wer konflikten mei Mercia, dat kening Offa boude Offa's Dyke as ferdidigingsliny tsjin de Welsh. Dizze wâl wie sûnt in lang skoft tiid de grins tusken Mercia en Powys.
Yn 855 erfde Rhodri de Grutte Powys en hy ferienige it mei Gwynedd.