It Keninkryk Bernisia wie in keninkryk fan de Angelen in Noard-Ingelân yn de 6e en 7e iuw . It ûntstie út it oan de Hen Ogledd tahearrende gebiet "Brynaich", nei’t dy al troch de Angelen oermastere wienen en foarme letter mei it súdliker lizzende Deira it keninkryk Northumbria.
De earst beskreaune kening wie Ida fan Bernisia. Hy soe yn 547 op de troan kaam wêze.[4] Kening Aethelfrith ferienige yn 604 Bernisia mei it súdlike Deira en foarme sa Noardumbrje.[5] Hy hearske oant 616, doe’t er yn in slach tsjin Raedwald, kening fan East Anglia, dy’t Aethelfriths rivaal Edwin fan Noardumbrje stipeunterstützte, sneuvele,[6] Edwin waard doe hearsker oer sawol Deira en Bernisia, sa ûntstie it keninkryk Noardumbrje.
Edwin foel yn de Slach fan Hatfield Chase tsjin kening Cadwallon ap Cadfan fan Gwynedd en Penda fan Mersia op 12 oktober 633, wêrnei’t Noardumbrje wer útien foel yn Bernisia en Deira. Bernisia waard noch in skoftsje bestjoerd troch Eanfrith, in soan fan Aethelfrith; ek hy waard troch Cadwallon dea dien.[7] Syn broer Oswald folge him op, stelde in nij leger gear en befjochte doe Cadwallon yn 634 yn de Slach fan Heavenfield, Cadwallon ferlear derby it libben.[8] Nei syn oerwinning ferienige er Deira wer mei Bernisia.[9] Fan dat stuit ôf wienen de keningen fan Bernisia de hearskers oer Noardumbrje, om’t de dynasty dy’t Deira regearre hie sa’n bytsje útrûge wie troch Cadwallon.[10]
Doe't Oswald lykwols yn 642 sneuvele yn de Slach fan Maserfield, tsjin Penda fan Mersia, foel it lân wer út elkoar. It súdlik diel keas in nije kening (Oswine), wylst Oswald syn broer Oswiu op 'en nij it regear oer alinne Bernisia hie.[11] Yn 651 liet Oswiu Oswine fermoardzje en waarden beide riken nochris ferienige,[12] mar Deira hold ûnderkeningen dy't lykwols allinnich út it laach fan Oswald en Oswiu stamden.[13]
Alcock, Leslie, Kings and Warriors, Craftsmen and Priests in Northern Britain AD 550–850. Society of Antiquaries of Scotland, Edinboarch, 2003. ISBN 0-903903-24-5
Alcock, Leslie, Arthur's Britain: History and Archaeology, AD 367–634. Penguin, Londen, 1989. ISBN 0-14-139069-7
Higham, N.J., The Kingdom of Northumbria AD 350–1100. Sutton, Stroud, 1993. ISBN 0-86299-730-5
Lowe, Chris, The Making of Scotland: Angels, Fools and Tyrants: Britons and Angles in Southern Scotland. Canongate, Edinboarch, 1999. ISBN 978-0862418755
Morris, John, The Age of Arthur. Weidenfeld & Nicolson, Londen, 1973. ISBN 0-297-17601-3