De titel 'keninginne-mem' komt lykwols yn 'e measte monargyen foar, sawol yn as bûten Jeropa. Yn in keizerryk (lykas Japan) sprekt men yn sa'n gefal fan in keizerinne-mem. Der bestiet fierders in ferskil tusken in keninginne-mem en in ('gewoane') mem fan 'e keninginne: de titel makket nammentlik ûnderskie tusken eardere keninginnen-gemalinne en oare froulju dy't de mem fan in regearjend monarch binne. Sa wie prinsesseFiktoaria fan Saksen-Coburg-Saalfeld, bygelyks net de keninginne-mem fan it Feriene Keninkryk, hoewol't se wol de mem wie fan 'e Britske keninginne Fiktoaria. Oer it algemien is 'keninginne-mem' in hoflikheidstitel dêr't gjin wetlik fêstleine rjochten of plichten oan ferbûn binne.
It tsjinstelde fan in keninginne-mem, in kening-heit, wurdt ornaris net sa neamd. Yn Belgje soe bgl. de eardere kening Albert II sa'n titel fiere kinne, en yn Spanje de eardere kening Juan Carlos. Dy hawwe allebeide ôfstân dien fan 'e troan yn it foardiel fan in soan. Hja hawwe lykwols gewoan de titel 'kening' holden. Yn Aazje wurde abdisearre keningen soms wol oantsjut as 'kening-heit'. Dat wie bygelyks it gefal mei kening Norodom Sihanouk fan Kambodja. En de eardere kening Jigme Chingye Wangchuk is (anno 2018) de kening-heit fan Bûtan.