Kastiel fan Pafos

Kastiel fan Pafos
Lokaasje
lân flagge fan Syprus Syprus
plak Pafos
koördinaten 34° 45 'NB, 32° 24 'EL
Skiednis
boujier 13e iuw
Kaart
Kastiel fan Pafos (Syprus)
Kastiel fan Pafos

It Kastiel fan Pafos (Gryksk: Κάστρο της Πάφου, Kastro tis Pafou) leit oan it westlike ein fan 'e haven fan 'e Sypriotyske stêd Pafos. Oarspronklik wie it in Byzantynsk fort om de haven te beskermjen. Oerbleaun is in yn 1592 troch de Ottomanen restaurearre West-Frankyske toer mei Fenesiaanske tafoegings, lykas in ynskripsje boppe de tagong fan it kastiel fermeld. Dy wite moarmeren plaat fan oardel meter by 40 sm ferhellet oer de rekonstruksje yn it jier 1592 yn opdracht fan 'e Turkske gûverneur fan Syprus, Ahmet Pasha (1589–1593).

It kastiel kin tsjin in lytse fergoeding besjoen wurde. Somtiden binne der tematyske tentoanstellingen.

Skiednis

De oarspronklike Byzantynske fêsting stie 600 meter westlik en waard mei de ierdskodding fan 1222 ferneatige.

Genueeske Tuorren.

De hearen fan Lusignan lieten it fort yn 'e 13e iuw werbouwe. Ek bouden hja de saneamde Genueeske Tuorren, wêrfan't de ruïnes 80 m east fan it kastiel rjochts fan 'e yngong fan 'e haven lizze. Se tsjinnen as in poerbêste ferdigening fan 'e stêd. Alhoewol't de tuorren ûndergeskikt wiene oan it gruttere kastiel, hiene se fierder gjin kontakt mei inoar en foarmen se aparte kastielen. De namme hiene de tuorren te tankjen oan 'e slach tsjin de Genuezen yn 1373, doe't de tuorren in belangrike rol spilen yn 'e ferdigening fan 'e stêd. Ek spilen se in wichtige rol yn 'e slach tsjin de Mammelukken yn 1426. Doe rekken de tuorren slim skansearre en neitiid waarden se net renovearre. Mei de ierdskodding fan 1491 waarden de skansearre tuorren ferneatige, mar de ruïnes bleaune.

Yn it kastiel.

It kastiel waard ûnderholden troch de Fenesianen en hja foegen der sels wer wat oan ta. De Genueeske ynvaazje fan 1373 waard mei sukses ôfslein en it kastiel wie ien fan 'e pear kastielen, dy't ûnder de lieding fan Sforza, in fûle Spaanske hiersoldaat, net troch de Mammelukken ynnommen waard. Yn augustus 1570, doe't de Turken Syprus binnenfoelen waard it kastiel dapper ferdigene, mar nei 16 dagen fûle striid moast it ferset opjûn wurde. Om 't de konstruksje noch altiten sterk wie, lieten de Ottomanen de ruïnes fan it kastiel restaurearje. Under de Turkske besetting bewekke in legermacht fan 100 man mei 12 kanonnen it kastiel. De kanonnen bleaune efter doe't de Britten yn 1878 it eilân oernamen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!