Karlskrona is de haadstêd fan de gemeente Karlskrona yn it lânskipBlekinge en de provinsje Blekinge län yn Sweden. It plak is teffens de haadstêd fan de provinsje Blekinge län. It plak is ferneamd as Sweden syn iennige Barok-stêd.
Karlskrona is Swedens iennichst oerbleaune marinebasis en it haadkertier fan de Sweedske kustwacht. De stêd leit op it eilân Trossö. It eilantsje Stumholmen wie earder eigendom fan de marine en hjoeddeis sit it Nasjonaal Marinemuseum dêr. De floatbasis fan Karlskrona, dêr't de stêd syn stifting yn 1680 oan te tankjen hat, stiet sûnt 1998 op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO.