Kampen is in gemeente yn de provinsje Oerisel. Kampen krige yn 1236 stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. De gemeente hat 56.189 (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 161,79 km².
De gemeente leit foar in part yn it Nasjonaal Gea Iseldelte.
Geografy
De gemeente Kampen is de opfolger fan de stêd Kampen. Op 10 july 1859 waard it eilân Skoklân nei ûntromming by de gemeente Kampen foege. Op 1 jannewaris folge de gemeente IJselmuiden. Oangrinzgjende gemeente binne de Noardeastpolder yn it noarden, Swartewetterlân yn it noardeasten, Swol yn it easten, Hattem en Oldebroek yn it súdeasten en súden en Dronten yn it wêst.
Plakken
De gemeente Kampen bestiet út twa stêden, 5 doarpen en tolve buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Kampen, dat ek it grutste plak is.
Polityk
Tradisjoneel stimt in relatyf grut diel fan de gemeente Kampen op kristlike partijen. Kampen wurdt dan ek by de Bibelgurdle yndield.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|