Joseph Denis Odevaere

Joseph Denis Odevaere
keunstner
persoanlike bysûnderheden
berne 2 desimber 1775
berteplak Brugge
stoarn 26 febrewaris 1830
stjerplak Brussel
reg. identiteit Flaamsk
wurkpaad
wurksum as Skilder
streaming Neoklassisisme
jierren aktyf 1795-1830
offisjele webside
RKD-profyl

Joseph Denis Odevaere (Brugge, 2 desimber 1775Brussel, 26 febrewaris 1830) wie in Súd-Nederlânske neoklassike keunstskilder en litograaf. Yn it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen wie er hofskilder fan kening Willem I.

Libben en wurk

Nei't er learling west hie fan François Wynckelman en François van der Donckt oan de Keunstakademy yn Brugge, gie er nei Parys dêr't er yn'e ateliers wurke fan Joseph Suvée en fan Louis David. Yn 1804 helle er de Prix de Rome mei syn skilderij De dood van Phocio (Parys, École nationale supérieure des beaux-arts). Dat smiet him in feestlike ûntfangst yn syn bertestêd en ferskate bestellingen op.

Dêrnei hold er acht jier yn Italië (Milaan, Furenze, Rome) ta. Hy wurke neitiid noch in pear jier yn Parys en krige in gouden medalje fan Napoleon. Yn 1815 waard er hôfskilder fan kening Willem I.

Lord Byron op syn deabêd (1826)

Hy sette him yn foar it weromkommen nei Brugge fan de keunstskatten dy't troch Frankryk rôve waarden (Madonnabyld fan Michelangelo, Madonna mei kanunnik Van der Paele troch Jan van Eyck, tryptyk Moreel troch Hans Memling, Oordeel van Cambyses troch Gerard David). As tank liet it stedsbestjoer in gouden medalje meitsje dy't op 4 maart 1816 oan de skilder oerlange waard.

Op 17 septimber 1818 boaske Odevaere mei Sylvie de la Rue (1796 -1845). It pear krige gjin bern. Se soe yn 1835 fannijs trouwe mei Joseph Van der Linden, sekretaris fan it Voorlopig Bewind yn 1830. Odevaere wie produktyf. Syn wurk wie fan wikseljende kwaliteit. Hy seach himsels en syn wurk tige graach, sa't bliken die út it ferheffen fan syn sels skreaune bydragen.

Hy wie lid fan de Société des Douze.[1]

Galery

Literatuer

  • H. Hyman, Joseph-Désiré Odevaere, yn: Biographie nationale de Belgique, XVI, 1901, col. 68–74.
  • Albert Schouteet, Kunstschilder Jozef Odevaere en de terugkeer van geroofde kunstschatten uit Frankrijk naar Brugge in 1816, yn: Album archivaris Jos Desmet, Brugge, 1964.
  • Denis Coekelberghs, Les peintres belges à Rome de 1700 à 1830, Academia Belgica, 1976.
  • M. Guedron, Suvée, Odevaere, Kinsoen et Ducq: quatre preintres Brugeois à Paris au temps du néo-classicisme, yn: Jaarboek 1995–96, Stedelijke Musea Brugge, pgs.238-254.
  • Andries Van Den Abeele, Prefect Bernard-François de Chauvelin en de schilder Joseph Odevaere, yn: Handelingen van het genootschap voor geschiedenis, Brugge, 2004, siden.365-374.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • H. HYMANS, Joseph-Désiré Odevaere, yn: Biographie nationale de Belgique, T. XVI, 1901, col. 68-74.
  • D. J. DE MEYER, Trois représentants de l'école brugeoise du XVIIIe siècle, Brugge, 1906.
  • Albert SCHOUTEET, Kunstschilder Jozef Odevaere en de terugkeer van geroofde kunstschatten uit Frankrijk naar Brugge in 1816, yn: Album archivaris Jos Desmet, Brugge, 1964.
  • Denis COEKELBERGHS, Les peintres belges à Rome de 1700 à 1830, Bruxelles, Rome, 1976.
  • Catalogus Tentoonstelling Om en rond het neoclassicisme in België, Museum Elsene, 1986, siden. 169-171.
  • Dominique MARECHAL, Een belangrijke nieuwe aanwinst voor het Groeningemuseum, yn: Jaarboek 1995-96, Stedelijke Musea Stad Brugge, s. 24-25.
  • M. GUEDRON, Suvée, Odevaere, Kinsoen et Ducq: quatre preintres Brugeois à Paris au temps du néo-classicisme, yn: Jaarboek 1995-96, Stedelijke Musea Brugge, sd. 238-254.
  • Andries VAN DEN ABEELE, Prefect Bernard-François de Chauvelin en de schilder Joseph Odevaere, yn: Handelingen van het genootschap voor geschiedenis, Brugge, 2004, sd. 365-374.
  • Andries VAN DEN ABEELE, De Club van de Belgen in Parijs onder Napoleon. Toen de woorden 'Belg' en 'Vlaming' synoniem waren, yn: Le livre et l'estampe, 2008, siden. 117-153.
  • Jan D'HONDT, Kunstschilder Odevaere en het kasteel Veltem nabij Brugge, yn: Biekorf, 2015.
  • Dominique MARECHAL, Halverwege te Parijs’. Tekeningen naar oude meesters als tussenstadium tussen kunstwerk en reproductie ter illustratie van museumcatalogi, yn: Anna Cecilia KOLDEWEIJ en Jos KOLDEWEIJ (red.), De verbeelder verbeeld(t), Boekillustatie en beeldende kunst (Huldeboek Saskia de BODT), Nijmegen-Vantilt, 2017, s.131-136.

  1. De Société des Douze wie in leard, literêr en gastronomysk genoatskip dat byinoar kaam yn Brussel.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!