Joop Admiraal

Joop Admiraal
akteur
Marjan Brandsma en Joop Admiraal by de útrikking fan de Theo d'Or en de Louis d'Or(1982)
Marjan Brandsma en Joop Admiraal by de útrikking fan de Theo d'Or en de Louis d'Or(1982)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 26 septimber 1937
berteplak Ophemert
stoarn 25 maart 2006
stjerplak Amsterdam
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Jacob (Joop) Admiraal (Ophemert, Gelderlân, 26 septimber 1937Amsterdam, 25 maart 2006) wie in Nederlânske akteur, dy 't benammen bekend waard troch syn rollen by Het Werkteater en Toneelgroep Amsterdam.

Karriêre

Admiraal debutearre yn 1959 by de Nederlandse Comedie, mar hy bruts earst troch fan 1971 ôf by Het Werkteater, wêrmei't er op lokaasje eksperimintearre mei stikken dy't maatskiplik ta de saak dogge. Foar it solotonielstik U bent mijn moeder út 1981, dêr 't er sawol de soan (himsels) as syn tachtichjierrige demintearjende mem yn spile, krige er in Louis d'Or. It stik waard ek ferfilme, lykas Hersenschimmen (1988), wer oer demintens.

Tonielgroep Amsterdam

Yn 1987 foege er him by de nij oprjochte Toneelgroep Amsterdam. Yn dy hoedanichheid die er mei oan gâns teäterfoarstellingen yn klassike en moderne rollen. Spesjaal foar him en syn kollega Kitty Courbois skreau de Amerikaanske skriuwer Richard Maxwell it toanielstik Mercy Samaritans, dat yn 2002/03 yn premjêre gie. Admiraal spile oant syn pensjoen yn 1999 by Toneelgroep Amsterdam. Ek nei syn pensjoenearring bleau er spyljen. Hy seach der faak tige brekber út, mar koe nettsjinsteande dat ek tige krêftich spylje. Behalven yn de films U bent mijn moeder en Hersenschimmen spile Admiraal ek yn films as "Max Havelaar" (1976 ), "Twee vrouwen" (film) en Kort Amerikaans (1979).

Priveelibben

Admiraal hat relaasjes hân mei sjonger en akteur Ramses Shaffy, mei wa't er ier jierren sechstich nei Rome reizge op syk nei nijsgjirrich filmwurk (de brieven dy't se skreaune oan harren mienskiplike freondinne Shireen Strooker waarden yn 2004 bondele) en mei akteur Gerard Thoolen. Twaentweintich jier lang wie er de libbenspartner fan Jaap Jansen, âld-útjouwer/kompanjon by Van Gennep.

Hy ferstoar ynienen yn'e âldens fan 68 jier oan in hertoanfal. Op de dei fan syn ferstjerren hie er jûns optrede moatten yn it toanielstik Uit Liefde, dêr't er de jûns dêrfoar ek noch yn stie.

Filmografy

  • Big City Blues (1962) – rol ûnbekend
  • Spinoza (telefyzjefilm, 1965) – rol ûnbekend
  • Jongens, jongens, wat een meid (1965)
  • Het museum (telefyzjefilm, 1966) – rol ûnbekend
  • Het gangstermeisje (1966) – Wessel Franken (stim, net op de ôftiteling)
  • Colombe (telefyzjefilm, 1967) – rol net bekend
  • To Grab the Ring (1968) – rol onbekend
  • Lucelle (tf-film, 1968) – Ascagnes
  • Toestanden (1976) – rol net bekend
  • Avondrood (1976) – Van Beusekom
  • Max Havelaar of de koffieveilingen der Nederlandsche handelsmaatschappij (1976) – Slotering
  • Prettig weekend, meneer Meijer (tf-film, 1978) – rol onbekend
  • Camping (film) (1978) – Henk
  • Opname (1979) – De Bruin
  • Kort Amerikaans (1979) – De Spin
  • De verwording van Herman Dürer (1979) – reklassearingsamtener
  • Twee Vrouwen (1979) – learaar
  • The Lucky Star (1980) – Thomas
  • Het teken van het beest (1980) – dûmny
  • Achter glas (1981) – rol ûnbekend
  • Een zwoele zomeravond (1982) – Patrick/Cor van Kalkhoven
  • De smaak van water (1982) – Schram
  • U bent mijn moeder (1984) – alle rollen
  • Hersenschimmen (1988) – Maarten Klein
  • Eline Vere (1991) – de hear Hovel
  • Rooksporen (1992) – rol ûnbekend
  • Wie aus weiter Ferne (tf-film, 1994) – rol ûnbekend
  • Oude tongen (1994) – boargemaster Joop Sake
  • Oog in oog (tf-rige) – âld man (1994)
  • Duinzicht boven (1999) – rol ônbekend
  • Ober (film) (2006) – meagere man
  • Olivier etc. (2006) – rol ûnbekend

Literatuer

  • Ramses Shaffy en Joop Admiraal: Brieven uit Rome aan Shireen Strooker. Nijgh & Van Ditmar, Amsterdam 2004. (ISBN 9038869509)

Keppelingen om utens

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!