Mr. Johannes de Graaff, ek Johannes de Graeff (Sint-Eustasius, 1729 - dêre 1813), wie de soan fan Simon de Graeff. Hy hie earst in sit yn de ried en wie letter kommandeur (meast gûverneur neamd) fan Sint-Eustsius.
Johannes de Graeff is fral bekend fanwege it sa hjitten "First Salute," it kanonskot as salút oan it Amerikaanske marineskip Andrew Doria, dat op 16 novimber1776 de rede fan Sint-Eustasius opfarde mei de Amerikaanske Unôfhinklikheidsferklearring oan board. De Graeff besleat it salút fan it fregat te beänderjen mei alve salútskotten. De Amerikanen leinen dat út as de earste erkenning fan har ûnofhinklikens troch in bûtenlânske mogendheid en De Graeff waard as held eare.
Literatuer
Barbara Tuchman, Het eerste saluutschot - Boek oer it ûntstean fan de Feriene Steaten fan Amearika. (1988)
Hank Rice, Footnotes in History, "The First Salute." Sons of the American Revolution, 2000
Laurentius Knappert, Geschiedenis van de Nederlandsche Bovenwindsche eilanden in de 18de eeuw