Silvius wurke hast tritich jier yn Amsterdam en waard beskerme troch Jan Bicker. Troch dy syn frou Aaltsje fan Uylenburgh kaam hy yn de kunde mei de skilder Rembrandt van Rijn. Hy wie Saskia's tsjûge by har houlik en doopte harren twadde bern yn de Alde Tsjerke. Rembrandt makke yn 1646 in ets op him; Scriverius en Barlaeus in gedicht.