Baarda waard berne yn Hotel Phoenix yn Ljouwert, by syn pake en beppe, mar waard grut brocht by syn omke yn Jirnsum nei't beppe yn 1839 stoarn wie. Omke ornearre him foar it notariaat; hy is notarisklerk wurden. Earst wenne er yn Damwâld en doe yn Mitselwier. 12 maaie 1878 ferhuze er nei Feanwâlden, dêr't er op kantoar kaam by Mr. van Kleffens, en boaske oan Dieuwke Willems Kuipers fan Hantumhuzen. Hy waard in fûl drankbestrider.
Baarda skreau proaza en poëzy mei in liberaal-satiryske strekking yn tydskriften: Fryske Húsfrjeon (1858-66), Bijekoer (1859-65), Iduna (1861-64) en Swanneblommen (1860-63); en yn kranten: it wykblêd Kanton Bergum (1881) en it Friesch Volksblad (1877-78). Mei J. G. de Vries út Ikkerwâld makke er it drankbestridersjierboekje 'De Folkfrieun' (Boalsert, 1862 en Dokkum, 1864).
Hy publisearre ûnder de skûlnammen Simen Aukes en Johannes.