Johannes Jacobus Margarethus (Jo) Vegter, yn de literatuer faak J.J.M Vegter, (Sappemeer, 16 septimber 1906 – Gorssel, 7 augustus 1982) wie in Nederlânsk arsjitekt.
Libben en wurk
Jo Vegter wie in soan fan haad fan 'e skoalle Johan Georg Christoph Vegter en Wilmkje Everts. Hy boaske oan Julie van de Kieft (1913-2007), dochter fan politikus Johan van de Kieft, dy't fan 1952 oant 1956 minister fan Finânsjes út namme fan de Partij fan de Arbeid wie. Soan Chris Vegter waard ek arsjitekt.
Hy groeide op yn De Haach, studearre boukunde yn Delft, fêstige him yn 1935 in Ljouwert oan de Harnzerstrjitwei 26 as opfolger fan architekt Doeke Meintema en luts ek yn Meintema syn filla oan de Harnzerstrjitwei. Yn de Twadde Wrâldoarloch brocht er tegearre mei syn freon Bram Wassenbergh fan it Frysk Museum ek wol keunstwurken yn feilichheid. Nei de oarloch siet er yn de weropboukommissy fan Rotterdam. Vegter wie ryksboumaster fan 1958 oant 1971.
Dêrneist wie er fan 1936 oant 1958 learaar Algemiene Boukunde oan de MTS. Hy siet in ferskillende kommisjes yn Fryslân en wie bestjoerslid fan it Bûn fan Nederlânske Arsjitekten.
Hy wie dosint fan 1956 oant 1964 oan de Technyske Hegeskoalle yn Delft. As learling fan Marinus Jan Granpré Molière hearde er yn de begjinjierren fan syn karriêre ta de Delftse Skoalle. It Ministearjegebou fan Finansjen yn Den Haach (1975) is in foarbyld fan it Brutalisme.
Vegter boude fierders ûnder oare it provinsjehûs yn Arnhim, it nije stêdhûs en de studintesoasjeteit yn Grins, de gerjochtsgebouwen yn Hilfertsom en Wageningen, de wettertuorren yn Dokkum en Drachten. Yn Ljouwert û.o. de Kuriostsjerke, it gebou fan de Wetterlieding oan it Saailân, de Ryks Pedagogyske Akademy, wenten oan de Heliconwei, de Ingelumerstrjitte, de Harnzerstrjitwei. Dêrneist restaurearre Vegter stedhuzen en tsjerken, wêrûnder dy fan Jannum, Aldeboarn, Westergeast, Dokkum Jorwert en Frjentsjer. Vegter syn arsjitekteburo makke ek stêdeboukundige útwreidingsplannen foar gemeenten. Yn 1976 gie soan yr. Chris Vegter in maatskip oan mei syn heit.
Vegter waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw, Ridder en by befoardering Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Argyf
Op 30 oktober 2018 waard it argyf fan arsjitekteburo Vegter troch Chris Vegter offisjeel oerdroegen oan Tresoar. Tresoar beskôget it argyf fan nasjonaal belang, mei't it in goed byld fan de stêdeboukundige skiednis fan de 20e iuw jout.[1]
Wurk (karút)
Vegter syn ûntwerp (yn 'e mande mei Johannes F. Berghoef) foar it nije stehûs fan Amsterdam yn de jierren sechtich waard net realisearre, mar makke him wol lanlik bekend. De útwreiding fan it stedhûs fan Grins, doedestiids bekend as it Nieuwe Stadhuis waard wol útfierd, mar waard al yn 1996 wer sloopt.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
- ↑ Tresoar: Vegters archief van nationaal belang, Frysk Deiblêd, s.24, 31 oktober 2018.
|