Jeugdteaterskoalle Miuw

Jeugdteaterskoalle Miuw is in skoalle oan de Oostersingel yn Ljouwert foar jeugd fan 12 - 18 jier. De teaterskoalle bestiet sûnt 2003, de spesjale berneklas foar bern fan basisskoallen sûnt 2009. Lessen en wurkshops wurde jûn op it mêd fan toanielspylje, stim, sang dûns en beweging. Der wurdt begûn yn in basisklasse en duorret trije jier of langer.

It brûken fan de ferbylding en fantasij en it ûntwikkeljen fan doaren en selsbetrouwen stiet foarop. In pear kear per seizoen is der in iepen poadium foar learlingen.
Koartere kursussen wurde jûn by ferskillende sintra foar de keunsten yn Fryslân. Der binne foarstellings fan twa persoanen, mar ek wol fan tweintich. De produksjes wurde spile yn teaters of op lokaasje, mar ek op strjitte en op festivals.

Prizen

  • 2005 - Teaterpriis Theater4daagse foar Adriaan Mol 13 3⁄4 jaar
  • 2001 - Fryske kultuerpriis Pyt van der Zee-priis foar de Jeugdteaterskoalle
  • 1997 - Publykspriis lanlik festival amateurteater foar: Schön ist die Jugend
  • 1997 - CVB teaterpriis foar: Schön ist die Jugend
  • 1996 - Jan Jans Starterpriis, kultuerpris fan de Gemeente Ljouwert foar de Jeugdteäterskoalle

Foarstellings

Agatha
9203 KP
De Sulveren Bal
Fast Forward
Oorlog
Werther
Storia d'Amore
Luim
Trouble with the table
You took the part
Snatervogel
Metamorfosen
Buut
Helden
No dirt today
Goulash
Chinezen
Adriaan Mol
De Lêste Brief
Radio Hortensia

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!