Stapleton wie hikke en tein yn New York. Har heit wie Joseph E. Murray, in reklameman, en har mem Marie Stapleton, in operasjongster. Se studearre oan it Hunter College yn Manhattan en sette yn 'e simmer fan 1941 útein mei har aktearkarriêre. Se spile op Broadway yn ferskate súksesfolle musikals, lykas Damn Yankees, Funny Girl, Bells Are Ringing en Juno, en hie gastrollen yn withoefolle tillefyzjesearjes. Yn 1971 briek se troch mei har rol yn All in the Family (1971-1979); foar har fertolking fan Edith Bunker wûn se trije Emmy Awards (de heechste Amerikaanske tillefyzjepriis) en twa Golden Globes. Se spile Edith Bunker ek yn it begjin fan 'e ferfolchrige Archie Bunker's Place, mar om't se har nocht hie fan 'e rol, liet se har oan 'e ein fan it earste seizoen út 'e searje skriuwe.
Stapleton wie fan 1956 oant syn dea yn 1983 troud mei toanielregisseur William Putch. Hja krigen twa bern, akteur, skriuwer en tillefyzjeregisseur John Putch en tillefyzjeprodusinte Pamela Putch. Stapleton wie in aktyf lid fan 'e Christian Science-tsjerke. Hja stoar op 31 maaie2013 te New York, yn 'e âlderdom fan 90 jier. Op 5 juny waarden de neönljochten fan Broadway ta har oantins in minút lang útset.