Harlow wie ek wol bekend as "The Platinum Blonde", en is neffens de media de opfolchster fan it earste sekssymboal fan de wrâld, Clara Bow en de foargongster fan de Marilyn Monroe.
Harlow wurdt rekkene ta de grutste filmstjerren fan alle tiden troch it Amerikaansk Film Ynstitút. Harlow wie de stjer yn ferskate films dy't meast ek makke waarden om har sex appeal en sterke optreden op it wite doek goed útkomme te litten; letter kamen de bettere rollen en waard sy enoarm ferneamd ûnder kontrakt fan Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). Harlow har grutte populêrens en har "laughing vamp"-imago wiene skrille tsjinstellingen fan har persoanlik libben dat tekene waard troch teloarstelling, tragedy en úteinlik har hommels ferstjerren troch nierfalen yn de âldens fan 26 jier.
Filmografy (karút)
1929: Double Whoopee
1929: The Love Parade
1930: Hell’s Angels
1931: The Public Enemy
1931: Iron Man
1931: Goldie
1931: Platinum Blonde
1932: Three Wise Gir
1932: The Beast of the City
1932: Red-Headed Woman
1932: Red Dust
1933: Dinner at Eight
1933: Bombshell
1933: Hold your Man
1934: The Girl from Missouri
1935: Reckless
1935: China Seas
1935: Riffraff
1935: (Wife vs. Secretary)
1936: Suzy
1936: Libeled Lady
1937: Personal Property
1937: Saratoga
Filmdokumintaasje
Harlow: The Blonde Bombshell. TV-dokumintêre fan Jom McQuade. USA 1993, Turner
Intimate Portrait: Jean Harlow. TV-dokumintêre fan Suju Vijayan. USA 1999, The Greif Company