Jarich Bakker
|
sporter
|
persoanlike bysûnderheden
|
echte namme |
Jarich Hendrik Bakker
|
nasjonaliteit |
Nederlânsk
|
bertedatum |
29 maart 1974
|
berteplak |
Ljouwert
|
etnisiteit |
Frysk
|
lingte |
1.94 m
|
gewicht |
83 kg
|
sportive ynformaasje
|
sport |
Hurdfytsen
|
ûnderdiel |
Baanhurdfytsen
|
O.S. |
Atlanta 1996
|
debút |
1989
|
karriêre-ein |
1998
|
Jarich Hendrik Bakker (Ljouwert, 29 maart 1974) is in Fryske feehâlder en earder hurdfytser fan 1989-1998.
Keas earst foar atletyk by de Ljouwerter feriening Leonitas. Benammen hurddraven en fjildcross leinen him wol. Fanwegen syn wrakke knibbels keas er foar hurdfytsen en waard lid fan fytsferiening Otto Ebbens. As nijeling wûn er yn 1990 op de nasjonale baankampioenskippen yn Alkmaar twa medaljes: in sulveren op de efterfolging (efter Rink Nieuwenhuis) en in brûnzen op de puntekoers. Boppedat wûn hy, mei Rink Nieuwenhuis, de Keppeltiidrit fan Fryslân yn menaam. Yn 1991 waard junior Bakker yn it Grinslanner Kornhorn distriktkampioen tiidriden en helle in sulveren medalje op it NK baan (ôffalkoers). Yn 1992 waard Bakker, dy't begelaat waard troch âld- baancoach Peter Nieuwenhuis, kampioen fan Nederlân tiidriden by de junioaren en boekte in grutte oerwinning troch it winnen fan de 'Twadeiske fan it Heuvellân' yn Súd-Limburch. Yn 1995 wûn hy syn ienige kritearium, de Ronde fan De Jouwer. Nei súksessen op de baan (2e op it NK efterfolging foar amateurs yn 1995 én 1996; dielnimmer WK 1995 yn Colombia; dielnimmer Olympyske Spullen 1996 yn Atlanta) waard Bakker wer gewoan hurdfytser. Stoppe op syn 24e mei fytsen.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|