Spoelstra folge in oplieding ta medysk analiste. As fanke skreau se yn it kuorbalkrantsjede Goocheme Goaier en stjoerde se, oars sûnder sukses, gedichten nei de Lyrische Courant fan de Ljouwerter Krante.
Yn 2000 kaam der in oersetting fan har yn it Frysk fan de roman 'Pan' fan de Noarske skriuwer Knut Hamsun. Se debutearre yn boekfoarm mei de útjefte fan de dichtbondel Goeie is it wachtwurd (2004).
Yngeand beskriuwt se har lesbysk wêzen [1] yn de ferhalebondel In Jikse-libben. Hja is dêrmei yn de Fryske literatuer de earste dy’t de leafde tusken froulju as ûnderwerp fan har ferhalen makket. Sy is sûnt 2002 redaktrise fan literêr tydskrift Hjir en sûnt 2009 fan it nije yntermediale blêd Ensafh, dat ûntstie út de fúzje fan it (papieren) tydskrift Hjir en literêr ynternettydskrift Farsk.