Hy is de soan fan Jan Goverts Deketh en Anna Gardinius. Op 9 april1726 waard hy yn de Grutte Tsjerke te Harns doopt. Syn heit krige yn 1701 in baan as amtner fan de ûntfanger-generaal fan de Fryske Admiraliteit. Fan 1721 ôf naam hy sels de funksje fan ûntfanger-generaal waar. Mem Anna Gardinius wie ek al ferbûn oan de Fryske Admiraliteit, hja wie de widdo fan de kaptein Peter Coderq. Ek Jacobus rôle sa de marinewrâld yn. Op syn 18e, yn 1744 foardat hy as luitenant fear hy foar de earste kear nei East-Ynje. Letter soe hy, ek as kaptein, meardere kearen de tocht ûndernimme om konfoaien te beskermjen, mar ek om striid te leverjen tsjin Frânske marineskippen wêrmei't de Republyk troch de Eastenrykske Suksesjeoarloch yn konflikt wie. Nei 1758 gie it hurd mei de karriêre. Yn 1759 waard hy beneamd as kaptein by de Friese Admiraliteit en yn 1760 fierde hy it befel oer de Prins Willem mei, in fregat mei 36 kanons. Hjirmei begeliede hy ferskeidene konfoaien nei ûnder mear Itaalje, Ingelân en Frankryk. Dêrneist ûndernom hy yn opdracht fan de republyk ferskillende reizen nei Algiers wêrfoar't hy geskinken meinom. Dizze wiene bedoeld om by de Barbarijske seerôvers yn de geunst te kommen dy't doe de Middellânske See ûnfeilich makken.
Portret
Deketh syn portret waard op 13 july 1761 yn Livorno skildere troch Ranieri Ducci. Op it skilderij hâldt, ûnferwachts, er in boek fêst mei de Ingelske titel Guardian Volume 1, dat ûnder in restauraasje fan it skilderij bliken die in lettere pentimento[1] te wêzen, mei dêryn in ôfbyld fan in miniatuer fan in dame. It Frysk Skipfeartmuseum kocht it skilderij fan in man út De Bosk, nei't er it sjen litten hie yn in ôflevering fan it Nederlânske telefyzjeprogramma Tussen Kunst & Kitsch.
Leanlist fan de Prins Willem, mei kaptein J. Deketh. 1760–1763 Argyfbestân
Journaal, gehouden door den schrijver J. Blom op 's Lands schip Prins Willem, onder bevel van den kapitein J. Deketh, gedurende zijn reis naar de Middellandsche zee. 25 novimber 1760 – 26 july 1762 Nationaal Archief, Den Haag, Admiraliteitscolleges, 1586–1795, nummer toegang 1.01.46, inventarisnummer 3346 argyfbestân
Journal, gehouden door den kapitein J. Deketh op 's Lands schip Prins Willem gedurende zijn reis naar de Middellandsche zee. 1761–1763 3 dielen (12 feb 1761 – 30 april 1762, 1 maaie 1762 – 28 feb 1763, 1 maart 1763 – 27 july 1763) Nationaal Archief, Den Haag, Admiraliteitscolleges, 1586–1795, nûmer tagong 1.01.46, ynventarisnûmer 3348 3349 en 3350