As minister yn it kabinet-Den Uyl keas er meast de kant fan de progressive bewâldslju. Hy wie net te benaud om krûdige útspraken te dwaan, sa as: de VVD is de partij fan de trije H's: helje, hawwe en hâlde.
Yn 1978 koe er it net mear fine yn de CDA-fraksje en stapte er oer nei it bedriuwslibben en waard tsien jier letter lid fan de PvdA. Dy partij ferliet er ek wer, nei't dy grutte yngrepen yn de sosjale sekerheid goerkard hie. Yn 1996 sei er dat er tenei faaks op Paul Rosenmöller stimme soe.
Nei't er de Twadde Keamer ferlitten hie, sette er ôf nei boukonsern OGEM, dêr't er haad fan de difyzje bou en technyk waard. Dêr krige er yn 1981 dien, nei't er yn in fraachpetear yn it wykblêd Vrij Nederland kollega-bestjoerder J. Bartels in "geldwolf en absolute nul" neamde. Nei 1,5 jier wurkleazens, waard er tanksij syn âld-kollega Jan Schaefer (PvdA), direkteur fan de Gemeentelijke Stadsreiniging Amsterdam.
Hy wurke dêr oant syn pensjoen.
Yn 1985 publisearre er syn memoires, Wat ik nog zeggen wilde.