De J.M.A. Biesheuvelpriis is in literêre priis dy't sûnt 2015 alle jierren útrikt wurdt oan de skriuwer fan de bêste koartferhaalbondel yn de Nederlânske taal. De priis is ferneamd nei de skriuwer Maarten Biesheuvel. Yn it Radio 1-programma Nooit meer slapen waard de auteur yntervieuwd[1] oer de oprjochting fan de priis troch Anton de Goede.
De inisjatyfnimmers fan de priis binne redakteur Irwan Droog, literêr kritikus en kollumnist fan NRC Handelsblad en biograaf fan Geert van Oorschot Arjen Fortuin, direkteur fan de Stichting Literêre Aktiviteiten Amsterdam Daphne de Heer, produsint en redakteur Esther Kuijper, skriuwster Roos van Rijswijk en redakteur en boekferkeaper Edith Vroon. Alle edysjes hawwe in oare sjury.
De priis wurdt finansjearre middels crowdfunding.
- Yn 2015 berûn it prizejild 4867 euro;
- Yn 2016 wie it in bedrach fan 4875,35 euro;
- Yn 2017 waard 5105,70 byinoar brocht.
- Yn 2018 7336 euro. Foar in part troch crowdfunding; it oare part mei't de eardere winner de priis foar de kommende edysjes ta foldwaan jûn hie.
- Yn 2019 7683,44 euro.
- Yn 2021 8774 euro.
Ambassadeurs
Yn de oanrin nei de útrikking fan de J.M.A. Biesheuvelpriis kommer der ferskate ambassadeurs fan it koarte ferhaal oan it wurd op de offisjele webside fan de priis; dêr ferskynde ûnder mear oarspronklik wurk fan Herman Koch, Gustaaf Peek, Thomas Heerma van Voss, A.H.J. Dautzenberg, Mensje van Keulen en Annelies Verbeke.
Winners
Boarnen, noaten en referinsjes