It Grutte Ear

It Grutte Ear út it suden wei sjoen
De Grutte Earen

It Grutte Ear of (neffens de stavering foar de Steatestavering) It Greate Ear, mar offisjeel Satellietgrondstation 12, is de Fryske bynamme foar in grûnstasjon foar satellytkommunikaasje. It grûnstasjon leit noardwestlik fan it doarp Boerum, westlik fan de buorskip De Kegen en beëasten Kollumerpomp. It waard yn 1973 troch de PTT iepene en is it iennige Nederlânske grûnstasjon foar ynternasjonale ferbiningen oer kommunikaasjesatelliten. It stasjon is eigendom fan KPN Satcom en wurdt beheard troch Stratos (it eardere Xantic).

Inmarsat

It grûnstasjon is de tagongspoarte foar it sammeljen fan Europeesk en ynterkontinentaal ferkear fan Nederlân en oanbuorjende lannen; dat giet oer it telefoannet en fia strielstjoerders om it dêrnei troch te stjoeren nei satelliten, sadat it ferstjoerd wurde kin nei de bestimming fan soartgelikense grûnstatsjons earne oars op'e wrâld. It is in ûnderdiel fan Inmarsat. It grutste part fan it terrein (yn it easten, noarden en midden) hat dy funksje.

NSO

Nei de oanslaggen fan 11 septimber besleat it Nederlânsk regear ta de oprjochting fan de Nationale Sigint Organisatie (NSO) foar it koördinearjen fan de ferbiningsynljochtingen fan de AIVD en MIVD. Dat gyng lykop mei in grutter wurdende fraach nei satellytkapasiteit. It al besteande grûnstasjon fan de finsje yn Sâltkamp (ein jierren 1970 oprjochte) mocht fanwegen beswieren fan omwenners net útwreide wurde, wêrnei't definsje it grûnstasjon sleat en syn satellytskûtels op 'en nij by syn basis yn de Marnewaard pleatse. De NSO rjochte him dêrnei yn 2005 ta it Stratosterrein yn It Grutte Ear foar it brûken fan twa besteande grutte skûtels en de bou fan 13 nije. It terrein fan de NSO waard ferwêzentlike yn it suden fan it Grutte Ear. De skûtels binne ornearre foar it opheinen fan al it foarbykommend satellytferkear yn it ramt fan de terrorismebestriding. Fan de twa grutte skûtels waard letter ien sloopt.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!