It Frysk Amateur Toaniel (IFAT) is in buro dat Ryksjilden ferpartet fia in ferdielkaai oan toanielselskippen dy’t Frysktalich toaniel op ‘e planken bringe.
De frijwilligersorganisaasje IFAT is yn 1953 oprjochte troch 3 organisaasjes. It is de lanlike organisaasje foar Frysktalich amateurtoaniel mei lanlik subsydzje. Se kriget fan 1953 ôf lanlik subsydzje: sûnt 2002 yn it ramt fan de Bestjoersôfspraak “Friese Taal en Cultuur”. IFAT stiet foar it: Fuortsterkjen fan … oansetten jaan ta … befoarderje fan … partisipearje yn … kwalitatyf stypjen fan … aktiviteiten fan de trije ûndersteande organisaasjes en harren leden:
1. BFT – Bûn Fryske Toanielselskippen – Sûnt 2001 – STAF (Stifting Amateur Toaniel Fryslân).
2. Frysk Bûn om Utens – kriten bûten Fryslân
3. Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse