Mei har man Kees van Houten en Tom Gehrels is se bekend as de ûntdekker fan 4000 oant 6000 nije planetoïden yn it sinnestelsel yn de jierren '50, 60 en 70.[1][2] Gjin inkelde oare astronoom yn de wrâld hat ea eigenhandich safolle planetoïden ûntdutsen.[3]. De Belgyske stjerrekundige Eric W. Elst komt mei 3.861 nûmere ûntdekkingen op 5 jannewaris 2015 dêr noch it tichst by.