It wurk fan dizze tige talintfolle tekener wurdt troch guon op ien line set mei dat fan grutte fertellers lykas Dumas, Conrad en London. Dat is net oerdreaun, want al syn ferhalen litte har lêze krektas in roman. By Pratt kaam de literatuer yn it byldferhaal terjochte en mei De Ballade fan de Sâlte See makke hy de earste striproman. Yn de ferhalen fan Pratt komme wûnderlike persoanen foar: fraaie gesichten, moaie froulju, ferdreaune swalkers en riedseleftige helden.
It wurk fan Pratt liket op earste oansjen wat oerflakkich, mar by it lêzen docht bliken dat syn ferhalen mysterieus en net te bedjipjen binne. De klam leit altyd op kammeraatskip, mar it gefoel fan kammeraatskip giet faak skûl efter irony, en by Pratt is irony in foarm fan hoedenens.
Bibliografy
Asso di Picche / L'As de pique
El sargento Kirk / Sgt. Kirk (1953-59) (tegearre mei Hector Oesterheld)