In houtfikerof houtsnijer is in ambachtsman dy't him spesjalisearre hat yn it meitsjen fan houtsnijwurk. Sokken hawwe gauris in eftergrûn yn 'e byldhoukeunst. Houtfikers meitsje net inkeld bylden fan hout, mar ek reliëfs, houtfiken en houtgravueres. It ark en reau dat men nedich is en de techniken dy't men brûkt foar it meitsjen fan twadiminsjonele houtfykkeunst en trijediminsjonele houtsnijbylden ferskille oansjenlik.
Sûnt de njoggentjinde iuw wurdt in protte wurk dat earder troch houtfikers dien waard, ferrjochte troch masinale houtbewurking. Houtfykjen is in tiidrôvjende put, dy't inkeld yn 'e praktyk leard wurde kin. Profesjonele houtfikers kinne har tsjintwurdich mar selden mei har wurk bedrippe, en binne sadwaande faak ek meubelmakker of restaurateur.
In byldsnijer is immen dy't him talein hat op it meitsjen fan bylden. Sa'nent kin in houtfiker wêze, mar dat hoecht net, om't ek oare materialen har liene om bylden út te snijen, lykas bien, hoarn en natoerstien.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side.