Houkesleat

Plak fan de Houkesleat
Toppenhústerbrêge

De Houkesleat is in brede 4 km lange sleat dy't de ferbining foarmet tusken Snits en de Snitser Mar. Yn grutter ferbân makket de Houkesleat diel út fan de ferbining Hegemer Mar - Snitser Mar, tegearre mei de Geau, de De Wimerts en de grêften yn Snits.

De Houkesleat begjint oan de westein fan it Kolmarsgat, fan dêr rint it nei it Krúswetter; op dit stikje rint it Prinses Margrietkanaal troch de Houkesleat.

Fan it Krúswetter rint de Houkesleat nei it westen, as de grutste fan de sleatten fan de ferkaveling tusken It Ges en de Griene Dyk. Fan it noarden út slute hjir troch de Galgelânhop de Grutte Potten oan op de Houkesleat. Dêrfoarby giet it wetter tusken it Galgelân en de Trije Pôlen troch. Dan komme oan de râne fan it yndustriegebiet fan Snits de Houkesleat en it Ges byelkoar en geane as "de Houkesleat" nei de stêd.

Oan de súdkante lizze dan de yndustryhavens fan Snits. Dêrfoarby giet it wetter oer it Houkesleat Akwadukt hinne, dêr't de rûnwei fan Snits trochhinne giet. Wat fierder giet nei it noarden it Jachthavenkanaal, it begjin fan de ferbining mei de Swette. Noch wat fierder, by it Finster, giet de Houkesleat dan oer op it Simmerrak. Op dat stee draaide it wetter earder nei it suden nei de Wâldfeart.

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!