Honfleur leit oan de lofter en súdlike kant fan de mûning fan de Seine yn it FrânskedepartemintCalvados yn Normandje. Oan de oare kant fan de Seine leit Le Havre, mar oars as dy stêd hat Honfleur syn âlde karakter goed bewarre. It plak leit skildereftich om le Vieux Bassin, de haven, dy't omfieme wurdt mei hege mei griisblauwe laaistien oerdutsen hûzen. De ynwenners neame harrensels Honfleurais.
It plak is skildere troch ferneamde ympressionisten, lykas Gustave Courbet, Eugène Boudin, Claude Monet en Johan Barthold Jongkind, dy't de école de Honfleur foarmen, dy't bydroech oan de opgong fan de ympressjonistyske beweging. Honfleur hat in soad keunstgaleryen.
Untwikkeling befolking
Jier
1962
1968
1975
1982
1990
1999
2009
2018
Ynwennertal
9.141
9.292
9.188
8.495
8.272
8.178
8.163
7.138
Boarnen: Cassini en INSEE
It besjen wurdich
Lieutenance
De twaskippige Sint-Katarinatsjerke (Église Saint-Catherine) datearret fan de 15e iuw en is de grutste houten tsjerke fan Frankryk. De tsjerke hat in frijsteande klokketoer.
De Sint-Leonardustsjerke (Église Saint-Léonard)
De Sint-Stefanustsjerke (Église Saint-Etienne), tsjintwurdich museum
De Lieutenance waard yn de 16e iuw boud foar de gûverneur fan Honfleur boud. Ien fan de stedspoarten, de Porte de Caen, is yntegrearre yn it gebou.
Bûten it sintrum: Côte de Grace mei in moai útsicht oer de baai en de 17e-iuwske Us-Leaffrouwe fan de Genedekapel.
Musea
Musées du Vieux Honfleur (Musée de la Marine en Musée d'ethnographie et d'art populaire)