Hjalmar Johan (Hjallis) Andersen (Rødøy, 12 maart 1923 - Oslo, 27 maart 2013) wie in Noarsk reedrider. Hy wûn trije gouden medaljes op de Olympyske Winterspullen fan 1952 en waard trije kear Europeesk en Wrâldkampioen Allround. Hjalmar Andersen wie de pake fan de eardere Noarske reedrider Fredrik van der Horst.
Andersen die trije kear mei oan de Olympyske Winterspullen (yn 1948, 1952 en 1956). By syn olympysk debút yn 1948 die Hjalmar alline mei oan de 10 km, mar helle troch it minne waar de finish net. Fjouwer jier letter dominearre er it toernoai by de spullen yn Oslo. Hy wûn de 1500 meter, 5 km en de 10 km, iderkear foar in Nederlanner: twa kear Kees Broekman en ien kear Wim van der Voort. Syn foarsprong op Broekman op de 10 kilometer (24,8 sekonden) is noch altyd de grutste foarsprong yn de Olympyske histoarje fan it reedriden.
Nei de Spullen fan Oslo yn 1952 woe er ophâlde, mar twa jier letter stie Andersen alwer op it iis. Ynternasjonale titels wûn er lykwols net mear.
Hjalmar Andersen ferstoar op 27 maart 2013, yn 'e aldens fan 90 jier.
Persoanlike rekords
Ofstân
|
Tiid
|
Datum
|
Baan
|
500 meter
|
43,7
|
13 jannewaris 1951
|
Øya Stadion, Trondheim
|
1000 meter
|
1.30,6
|
1 febrewaris 1954
|
Eisstadion Davos, Davos
|
1500 meter
|
2.16,4
|
6 febrewaris 1949
|
Eisstadion Davos, Davos
|
3 km
|
4.49,6
|
30 jannewaris 1954
|
Eisstadion Davos, Davos
|
5 km
|
8.06,5
|
29 jannewaris 1956
|
Lago di Misurina, Misurina
|
10 km
|
16.32,6
|
10 febrewaris 1952
|
Hamar stadion, Hamar
|
Resultaten
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|