Hy organisearre troepen yn Antwerpen, brocht in part dêrfan mei it skip nei Vianen, wylst syn kommandant BombergenDe Bosk ferovere. Hindrik besocht fergees om Utert en Amsterdam yn te nimmen, mar it fan him byïnoar brocht legerke by Antwerpen, laat fan Jan fan Marnix waard op 13 maart 1567 yn de slach by Oosterweel fan generaal Beauvoir ferslein wylst de steun fan de Antwerpske kalvinisten troch Willem fan Oranje persoanlik opkeard waard.
Brederode waard maart fan dat jier ta kaptein-generaal fan Amsterdam beneamd. Tegearre mei syn freon en adjudant Lenaert Jansz de Graeff, krige Brederode yn april fan de Spaanske fjildhear Filips fan Noircarmes dien.
Doe't nei de delfal fan Valencijn it ferset yninoar skromfele, ferlieten syn troepen Vianen en giene nei Dútslân. Nei't Hendrik fan Brederode fergees besocht hie wer by Margareta fan Parma yn de geunst te kommen, wykte er sels op 27 april 1567 út nei Emden.