Hindrik de Fûgelder

Oerlanging fan de keizerskroan oan Hindrik I

Hindrik I, better bekend as Hindrik de Fûgelder (Dútsk:Heinrich der Vogler of Heinrich der Finkler, Latyn:Henricius Auceps) (om 876 hinne - Memleben, 2 july 936) wie fan 912 ôf Hartoch fan Saksen en fan 919 oant syn dea kening fan Dútslân.

Hy wie de soan fan hartoch Otto de Ferljochte fan Saksen en Hedwig fan Babenberch en wie in pakesizzer fan Liudolf. Yn 919 waard er yn Fritzlar troch de Frankyske en Saksyske oanfierders as kening fan de Eastfranken keazen. Ien fan syn wichtichste taken wie de ferdigening fan it ryk tsjin de hieltyd wer oanfallende Magyaren (Hongaren). Dy fersloech er earst beskiedend yn 933 by de Unstrut. Itselde jier ûnderwurp er de Elbe-Slaven en Bohemen. Dêrtroch koe er it ryk fan binnen út delbêdzje. Ien fan syn politike doelen wie it meitsjen fan in ryksienheid. Dat woe er dwaan troch de yn 929 fêstleine Quedlingburger hûswet, dêr't yn fêstlein wie dat syn twadde soan Otto syn direkte opfolger wurde moast. De oare soannen waarden mei in hartochstitel tefreden steld. Mei kening Otto I kaam der ien fan de meast wichtichste persoanen fan it Hillige Roomske Ryk op de troan.

Hindrik krige as bynamme De Fûgelder, omdat hy op fûgeljacht west hawwe soe doe't men him ynljochte oer syn keningskar. Mooglik stammet dy anekdoate út de 12e iuw.

Yn de tiid fan de Dútske romantyk soe Hindrik in populêre figuer wurde en noch letter ûnder it nasjonaalsosjalisme krige er ek in soad omtinken - benammen yn rûnten fan de SS (en Ahnenerbe).

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!