Egyptyske hieroglifen waarden lange jierren sjoen as tekens dêr't de betsjutting net fan te efterheljen wie. It slagge de Frânsman Jean-François Champollion yn 1822 as earste om se te ûntsiferjen mei help fan de Stien fan Rosetta. Op dy stien stie in tekst mei deselde ynhâld yn trije talen: it Aldgryksk, it Demotysk en it Egyptyske hieroglifenskrift.