Heroic Hearts

Heroic Hearts
algemiene gegevens
auteur Jim Butcher en
   Kerrie L. Hughes (red.)
taal Ingelsk
foarm ferhalebondel
sjenre fantasy
1e publikaasje 2022, New York
oarspr. útjwr. Ace Books
kodearring
ISBN 978-0 59 30 99 186

Heroic Hearts is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel, gearstald troch de Amerikaanske redakteuren en skriuwers Jim Butcher en Kerrie L. Hughes. De titel betsjut letterlik "Heldhaftige Herten". It boek omfettet 12 koarte ferhalen fan it fantasysjenre oer lju dêr't men net fan ferwachtsje soe dat se heldhaftich binne (mar dat binne se dochs). De ferhalen binne skreaun troch foaroansteande auteurs as Anne Bishop, Patricia Briggs, Charlaine Harris en Butcher sels.

Alle ferhalen út Heroic Hearts waarden yn dizze bondel foar it earst publisearre, hoewol't se wierskynlik letter troch de respektivelike skriuwers op 'e nij útjûn wurde sille yn eigen ferhalebondels. Heroic Hearts waard yn 2022 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books en opdroegen oan 'e yn novimber 2020 oan kanker ferstoarne skriuwster Rachel Caine.

Ferhalen

  1. Jim Butcher, Little Things (ûnderdiel fan The Dresden Files)
  2. Anne Bishop, The Dark Ship (ûnderdiel fan The Others)
  3. Kelley Armstrong, Comfort Zone
  4. Annie Bellet, Train to Last Hope
  5. Kevin Hearne, Fire Hazard
  6. R.R. Virdi, Grave Gambles
  7. Chloe Neill, Silverspell
  8. Kerrie L. Hughes, Troll Life
  9. Charlaine Harris, The Return of the Mage
  10. Nancy Holder, The Vampires Karamazov
  11. Jennifer Brozek, The Necessity of Pragmatic Magic
  12. Patricia Briggs, Dating Terrors (ûnderdiel fan Alpha and Omega)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!