Rots wurke foaral yn de provinsje Grinslân. Yn syn wenplak Grins ûntwurp er in grut tal winkelpeien, ûnder oare de gevel fan in banketbakkerij oan it Akerkhof. In pear fan syn gebouwen binne oanwiisd as ryksmonumint.
Yn de Twadde Wrâldoarloch waard Rots syn went oan de Westerhaven yn Grins troch it ferset brûkt. Hy waard arrestearre by in oerfal en yn it neijier fan 1944 yn Kamp Westerbork fusillearre, tagelyk mei oare troch de SD oanwiisde Todeskandidaten, dêr't de NSF-foaroanmanIman van den Bosch (1891-1944) ûnder wie. By harren eksekúsje wiene ûnder oaren de bruorren en oarlochsmisdiedigers Pieter (1920-1948) en Klaas-Carel Faber (1922-2012) fan Haarlim belutsen. Rots syn stoflik omskot waard ferbaarnd yn it krematoarium fan it kamp.