Henk Aukes

Hendrikus Wilhelmus Franciscus Aukes, meast Henk Aukes (Haarlim, 4 juny 1905 - Boalsert, 3 febrewaris 1999), wie direkteur fan it roomske foarmingssintrum "Vinea Domini" yn Wytmarsum (1956-1970).

Dêrfoar wurke er yn de útjouwerij, op universiteitsbibleteek Nymwegen, by de radio (Herrijzend Nederland, regionale omroppen, Wrâldomrop); fan 1956-1972 foarsitter fan it Roomsk Frysk Bûn, dêrneist lanlik en ynternasjonaal belutsen by de organisaasje en ûntwikkeling fan de folwoeksenenfoarming; stimulearre de oekoemenyske gearwurking en wie de earste foarsitter fan de Europeeske kommisje foar foarming en oekumene. Hy publisearre oer Fryske- en Roomske saken en folwoeksenenfoarming.

Wurk

  • Katholieke Friese geslachten (1941)
  • Kardinaal De Jong (1956)
  • Het leven van Titus Brandsma (1961)
  • Fierders rapporten en artikels.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!