Hy waard bekend as de drukker fan "De Ploech", de keunstnersferieniging dy't begjin 20e iuw it kulturele libben yn Grins "opskodde".
Biografy
Hendrik Werkman ferlear syn heit, dy't feearts wie, al mei jonge jierren en bedarre mei syn mem en twa broers in Grins. Werkman wie boekdrukker (fan 1907 ôf selsstannich) en hie in lytse útjouwerij yn Grins, dêr't op it hichtepunt goed tweintich minsken oan 't wurk wiene. As lid fan de (in 1918 oprjochte) Grinzer skildersferiening "De Ploeg" makke er affysjes, útnûgings en katalogussen foar dy feriening. Doe't de saken min giene waard er eins út need keunstner. Yn 1921-22 joech er it troch himsels printe Blad voor Kunst út; de redaksje bestie út Jan Wiegers en Jan Gerrit Jordens (foar byldzjende keunst), Auguste Defresne (letterkunde) en Daniël Ruyneman (muzyk). Nei mar seis nûmers waard it opfolge troch it tydskrift The next call, dêr't er mear syn persoanlik stimpel op drukke koe. Hy joech it fan 1923 oant 1926 yn eigen behear út en wiksele it út mei avant-gardisten yn Parys, Antwerpen en Ruslân, ûnder wa't Michel Seuphor wie.
Werkman wie ek de auteur fan in lyts tal eksperimintele gedichten en poëtyske proazastikken, wêr't guon fan ta de Dada-streaming rekkene wurde kinne. Oare teksten binne manifesten, dy't er brûkte foar it opskodzjen fan it kulturele libben yn Grins, bygelyks Groningen Berlijn Moskou Parijs 1923 en Groeiende Lach. Hy hat yn dy snuorje wol briefke mei Theo van Doesburg. In stikmannich fan syn teksten waarden opnaam yn de biografy fan Werkman fan Hans van Straten (1963). Yn 1968 waard in karút sy korrespodinsje útjûn yn de rige Privé-domein.
Krekt foar de Twadde Wrâldkriich krige Werkman kunde oan Willem Sandberg, dy't op dat stuit haadkonservator fan it Steedlik Museum yn Amsterdam wie. Sandberg, dy't oarspronklik oplaat wie as typograaf, wûn in protte fan Werkman syn wurk foat it Steedlik Museum. It wie ek Sandberg dy't syn earste solotentoanstelling regele yn Amsterdam yn 1939. De kritiken wiene goed en der waardden wurken ferkocht.
Yn de oarloch fersoarge Werkman mei August Henkels, Adri Buning en Ate Zuithoff, ûnder de namme De Blauwe Schuit, ferskate útjeften dy't yn wat bedutsen termen krityk leveren op it nazi-bewâld. De teksten waarden fan Werkman yllustrearre mei kleurige "druksels". Ut dy tiid stamt ek it bekende wurk "Chassidyske leginden I en II", in dûbele rige fan tsien 'druksels'.
Werkman waard trije dagen foar de befrijding fan Grins mei 9 oaren fusillearre troch SD'erPeter Schaap (fan it Scholtenhûs) yn de bosk ûnder Bakkefean. De redenen foar syn arrestaasje en eksekúsje binne nea hielendat dudlik wurden. Neffens Monique Brinks[1] wie it tichterby kommen fan de Kanadeeske befrijders yn april 1945, dat ek in mooglike befrijding, de oarsaak fan panyk op it Scholtenhûs. De SD’ers dêre wiene doe koartseftich dwaande mei it kwytmeitsjen fan foar harren belêstend materiaal en persoanen. De administraasje fan it Scholtenhûs waard ferneatige en de tsientallen finzenen waarden in groepen fuortbrocht en deasketten om foar te kommen dat se letter tsjin de Dútsers tsjûgje koene.
Werkman waard beïerdige op it begraafplak fan Bakkefean.
In protte fan syn wurk, dat de Gestapo konfiskearre hie by syn arrestaasje, gie ferlern troch brân by de gefjochten tusken de Dútsers en Kanadezen yn de stêd.
Oan de Nije Drintse Wei (te Allardseach tusken Bakkefean en de folkshegeskoalle) stiet in monumint ta neitins fan Werkman en de njoggen oaren dy't tagelyk mei him fusillearre waarden. Ek by syn bertehûs yn Leens stie in monumint, makke troch brûnsjitter Ben Joosten. It gemeentehuis fan De Marne yn Leens hat ek twa bylden fan Annet Gaaikema as earbetoan oan Werkman.
It H.N. Werkman Kolleezje yn it sintrum fan Grins is nei Werkman neamd. Dizze skoallemienskip hâldt it erfguod fan Werkman libbend middels keunstûnderwiis en geregeld weromkommende projekten.