Yn 1618 fertsjintwurdige er mei Abraham Skultetus syn universiteit op de Synoade fan Doardt. Doe't Greve Tilly de stêd Heidelberch ferôvere (1622) en oan plondering oerjoech, koe Alting mei muoite oan de soldaten ûntkomme. Hy luts him werom yn Schorndorf, mar fielde him misledige troch de "semi-Pelagianisten" ûnder de Lutersken dêr't er mei yn de kunde kaam wie en sette ôf nei Hollân, dêr't er fâd fan de ferballe "Winterkening" Frederik syn âldste soan waard.
Yn 1627 waard Alting it heechlearaarskip teology oanbean by de Universiteit fan Grins, dêr't er mei trochgie oant syn dea. Hoewol't er in otterdokse Kalvinist wie, lei Alting net folle klam op de prinsipiële kant fan syn leauwe yn syn skeel mei Remonstranten yn Doardt, he neamde har allinne 'fernijers'.
Alting hat bot bydroegen oan de skiedskriuwing fan it Dútske Herfoarme Protestantisme mei syn Historia de Ecclesiis Palatinis. Net eltsenien is it lykwols iens mei syn ûnderstelling dat karfoarst Frederik III Zacharias Ursinus en Caspar Olevianus opdracht jûn hat om de Heidelberchske Kategismus te skriuwen. Nei 1960 is dat oertsjûgjend wjerlein troch de wittenskip, mar bliuwt it yn neislachwurken werom kommen. Fierders bliuwt Alting's wurk in ûnferfangbere boarne foar de skiedskriuwing fan de reformaasje fan de Palts (karfoarstendommen yn Dútslân).[1][2]
Wurk
Karút:
Notae in Decadem Problematum Jacobi Behm (Heidelberch, 1618)
Scripta Theologica Heidelbergensia (Amsterdam, 1662)
↑Walter Hollweg, “Bearbeitete Caspar Olevianus den deutschen Text zum Heidelberger Katechismus,” in Neue Untersuchungen zur Geschichte und Lehre des Heidelberger Katechismus (Neukirchen-Vluyn: Neukirchener Verlag, 1961), 1:124-52.
↑Lyle Bierma, “The Purpose and Authorship of the Heidelberg Catechism,” in An Introduction to the Heidelberg Catechism: Sources, History, and Theology (Grand Rapids: Baker, 2005), 49-74.
Strategi Solo vs Squad di Free Fire: Cara Menang Mudah!