Heddy Affolter (Ljouwert, 18 juny1950 - Amsterdam, 29 jannewaris2023), better bekend ûnder de artystenamme Heddy Lester, wie in Nederlânsk sjongster en aktrise dy't bekendheid krige troch har meidwaan oan it Eurofyzjesongfestival yn 1977 mei it nûmer "De Mallemolen" (skreaun troch har jongere broer Frank Affolter), dêr't se fan achttjin dielnimmers mei 35 punten as tolfte einige.
Karriêre
Nei in ôfbrutsen stúdzje op de Amsterdamse Kleinkunstacademie foarmet se yn 1969 mei Gert Balke it duo April Shower, dêr't se yn 1971 mei it Ingelsktalige nûmer Railroad song in lytse hit hawwe. Yn it restaurant fan har heit yn Amsterdam moetet se Ramses Shaffy, mei wa't se yn de jierren '70 geregeld optreedt.
Mei har broer Frank en tekstskriuwer Wim Hogenkamp makket se tusken 1979 en 1987 meardere programma's. Foar har earste soloprogramma krige Lester yn 1979 - mei har broer Frank - as alderearste de Pall Mall Exportpriis.
Se treedt ek wer op mei Ramses Shaffy yn in rige foarstellings yn de Brakke Grond yn Amsterdam.
Sûnt 1987 wurket se ek as freelance aktrise yn it teäter. Se spile in grutte rol yn it stik Ghetto fan Joshua Sobol([1]) by Toanielgroep De Appel (premiêre febrewaris 1988 yn regy fan Erik Vos ([2]), as tsjinspylster fan Eric Schneider.
Fierders spile se yn de film De tranen van Maria Machita (1991) fan regisseur Paul Ruven.
Se spile ek 3 seizoenen yn Trojaanse Vrouwen fan Euripides (2000-2002) ([3]).
Op 18 maart 2007 gie 10 Duizend Zakdoeken yn premiêre, in earebetoan oan har âlden (beiden konsintraasjekamp-oerlibbenen). Fan septimber 2007 ôf makket se diel út fan de musical Fame (Ingelstalige ferzje) en yn seizoen 2008/2009 yn de foarstelling Nesjomme fan Internationaal Danstheater.